BBA op CSG Liudger Burgum

8 july

Op it CSG Liudger yn Burgum is lykas alle jierren de ‘Taalrike wike’. Fansels krijt it Frysk in moaie rol yn dizze wike! De Berneboeke-ambassadeur sil dêrom alle learlingen én learkrêften fertelle oer it Frysk, de kânsen dy’t it jout yn it wurk, de mearwearde fan meartaligens en de memmetaal as de taal fan it hert. De hiele skoalle ûntfangt hjoed boppedat de lêskiste mei fiif boeken, de skoalle ûntfangt dizze fergees fan de gemeente Tytsjerkstradiel!