BBA op De Pipegaal yn Warkum
De Berneboeke-ambassadeur giet hjoed del by groep 5/6 fan De Pipegaal, in Jeelo-skoalle: ‘Je Eigen Leeromgeving’. Op sa’n skoalle wurkje se mei seis projekten yn it jier. ‘Feilich helpe’ is op dit stuit it tema. Ambulance, EHBU en sa fierder komme oan bod. Yn alle fakken, dus ek by it Frysk. De bern meie hjoed sels in ferhaal skriuwe by it ûnderwerp!