Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

BBA ûntfangt earste eksimplaar boek Linda de Haan

22 maart

Witst it noch? Yn 2022 kuiere der in Bosk troch Ljouwert! Linda de Haan wie der by. En nei oanlieding dêrfan betocht sy it nije boek ‘Ik wol in bosk op ’e jierdei’. Se skreau én tekene it, want sy kin it beide! In fantasijfol printeboek, oer in famke dat graach in bosk wol yn har strjitte. De Berneboeke-ambassadeur nimt hjoed it earste eksimplaar fan it boek yn ûntfangst yn de Kapel fan DBieb yn Ljouwert. It boek komt yn twa talen út. De Nederlânske ferzje fan it boek ‘Ik wil een bos voor mijn verjaardag’ wurdt útjûn troch Uitgeverij Ploegsma.