Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

Berneboeke-ambassadeur (BBA) op WOW Frysk

19 april

Fragen stelle oan de BBA oer wat sy no eins docht en dwaan kin foar dy en dyn organisaasje? Dat kin hjoed op it WOW Frysk kongres yn Blauhús, it kongres dêr’t learkrêften, dosinten, direkteuren, materiaalûntwikkelders, skoalstipers en ûndersikers by inoar komme. De Berneboeke-ambassadeur is jûns te finen by de Afûk-stand. Ek de BBA ris útnûgje? Sjoch foar mear ynformaasje en opjaan op www.berneboekeambassadeur.frl.