Tialda Hoogeveen, foto: Balanina Photografy

Berneboekewike mei de BBA op De Bernebrêge yn Surhústerfean

6 oktober

Yn it ramt fan de Berneboekewike is de Berneboeke-ambassadeur (BBA) hjoed op besite by de bern út de groepen 6, 7 en 8 fan KBS De Bernebrêge yn Surhústerfean. Der is hjoed tiid om te fertellen oer har wurk en foar te lêzen út in moai Frysk boek. Fansels meie de bern fragen stelle en sille se sels ek oan de slach mei in ferhaal. Mear ynformaasje oer it wurk fan de Berneboeke-ambassadeur fynst op de spesjale website!