Presintaasje ‘Leer je hond Fries’

4 oktober

Hjoed, op dieredei, presintearret de Afûk it boekje ‘Leer je hond Fries’! Mei dit boekje learst dysels en dyn hûn stap foar stap Fryske wurden en sinnen. It boekje wurdt om 14.00 oere oanbean oan Yuki, de hûn fan reedrydpear Jorrit en Heather Bergsma. Heather en Yuki sille it earste eksimplaar yn ûntfangst nimme yn de Afûk-winkel.