Boekpresintaasje ‘De Sjongende Ridder’ fan Sjoerd Bottema

16 maart

Wolst graach wer ris op sneon nei de Afûk-winkel ta? Dat kin! Op sneon 16 maart is ús Fryske Boek- en Kadowinkel yn Ljouwert ekstra iepen.  Sneon 16 maart is nammenlik de start fan de lanlike Boekenweek. Jo binne fan herte wolkom tusken 10:30 en 17:00 oere. Om 13:30 oere komt Sjoerd Bottema del foar syn boekpresintaasje fan ‘De Sjongende Ridder’. Elk is fan herte wolkom om dêrby oanwêzich te wêzen.