Boekpresintaasje Oekraynsk berneboek ‘Maia en har freonen’

21 april

Hjoed fynt yn de bibleteek fan Snits de presintaasje plak fan Maia en har freonen, in berneboek út Oekraïne, oersetten fia it Ingelsk nei it Frysk troch Tialda Hoogeveen. De opbringsten fan de ferkeap fan de Fryske útjefte binne foar UNICEF-Oekraïne. Oanfang presintaasje: 16.30 oere. Belangstellenden kinne harren opjaan by de bibleteek fan Snits fia: sneek@BMF.nl. It boek is fan hjoed ôf fansels ek te keap yn de boekhannel! Mear ynformaasje oer it ta stân kommen fan dizze bysûndere Fryske útjefte fynst op boekenfanfryslan.frl.