Boekpresintaasje ‘Testament van de ziel’

10 febrewaris

Om 16.00 oere by Tresoar, Boterhoek 1 yn Ljouwert (ynrinne fan 15.30 oere ôf). Testament van de ziel fan Hylke Speerstra is koartby ferskynd by útjouwerij Atlas Contact. It is  Speerstra syn eigen oersetting fan syn boek Testamint fan de siel (Bornmeer, 2021). De presintaasje wurdt stal jûn yn de foarm fan in fraachpetear. Arjen Dijkstra, direkteur fan Tresoar, befreget de skriuwer en giet dêrnjonken yn petear mei Geert Mak en Douwe Draaisma. Nei de presintaasje/it fraachpetear is der tiid om it boek te keapjen en sinjearje te litten. Sjoch ek tresoar.nl.