Dach fan ut Stadsfrys

3 novimber

Stêdfrysk, of Stêdsk, wurdt praat yn sân Fryske stêden: Ljouwert, Snits, Starum, Boalsert, Harns, Frjentsjer en Dokkum. Op ‘e ‘Dach fan ut Stadsfrys’ wurdt yn in feestlike sfear it Stêdsk fan dy sân stêden ‘fierd’, mei muzyk, ynterviews, taalspultsjes, boeken en folle net genôch. Elk wa’t Stêdsk praat oft der niget oan hat, is fan herten wolkom, en de tagong is fergees. Lokaasje: Martinitsjerke, Frjentsjer. Mear ynformaasje fynst op de websites fan Taalburo Popkema en Fryske Akademy.