Taalnota ‘Fansels Frysk’: de plannen foar it taalbelied fan 2025-2028
In fanselssprekkend plak foar it Frysk op skoalle, it wurk en yn de iepenbiere romte. Dat is ien fan de ambysjes yn de provinsjale taalnota Fansels Frysk, dy’t hjoed troch it kolleezje fan Deputearre Steaten presintearre is. Yn de nota steane de plannen foar it taalbelied fan 2025 oant en mei 2028. Dy freegje foar de hiele perioade om in ynvestearring fan 10 miljoen euro. Provinsjale Steaten sille op 19 juny 2024 de nota behannelje.
“It Frysk hat in fanselssprekkend plak yn it libben fan de mearderheid fan de ynwenners fan Fryslân. Mar bûten de doar is it Frysk net altyd like sichtber, en dat kin oars,” stelt Eke Folkerts, deputearre fan taal en taalûnderwiis. “Friezen moatten harren memmetaal fansels ek bûten de doar brûke kinne, lykas yn it kontakt mei de oerheid en yn de soarch.”
Yn de taalnota is omtinken foar it Frysk thús, yn it ûnderwiis, op it wurk, yn de frije tiid en yn de iepenbiere romte. Ek is der omtinken foar it Frysk by de oerheid, de rjochtbank en yn de soarch. Wittenskiplik ûndersyk is de basis fan it taalbelied. De provinsje wol dizze basis fuortsterkje, ûnder mear troch nasjonaal en ynternasjonaal better gear te wurkjen, ek op kultureel mêd.
Om de ambysjes út de taalnota te realisearjen, is de provinsje ôfhinklik fan in goede gearwurking mei oare oerheden en mei kulturele ynstellings, ûnderwiis- en kennisynstellings. Dizze partijen spylje in wichtige rol yn it taalbelied.
BFTK
De Bestjoersôfspraak Fryske Taal en Kultuer 2024-2028, dy’t op 8 april tekene is, foarmet de basis foar de taalnota. De nota folget yn grutte linen de opset fan de BFTK, dy’t basearre is op it UNESCO-taalfitaliteitsmodel. Yn Fansels Frysk leit de provinsje út hoe’t sy de ôfspraken op grûn fan har eigen rol útwurkje sil. En hokker strukturele en ynsidintele middelen dêrfoar ynset wurde sille. De Fryske streektalen falle net ûnder de BFTK, mar krije wol omtinken yn de taalnota.
Yn de taalnota wurdt fierder boud op de ambysjes út de foarige beliedsnota, Nij Poadium (2021-2024). Dy nota ferbûn taal, keunst en erfguod mei-inoar. De ferbining tusken dy beliedsterreinen bliuwt. In beliedsnota oer allinne de Fryske taal jout de kâns om noch better sjen te litten hoe’t Deputearre Steaten harren rol de kommende fjouwer jier ynfolje wolle.