Deadline foar it ynstjoeren fan dyn bydrage foar de Lange koartproazajûn

1 july

De redaksje fan Ensafh ropt elkenien op om in koart ferhaal fan net mear as 250 wurden yn te stjoeren. Alle (streek)talen dy’t yn Fryslân brûkt wurde, binne dêrfoar tastien. Skriuwers fan de bêste ferhalen meie har ferhaal op de Lange koartproazajûn op 27 novimber yn Frjentsjer foarlêze en de alderbêsten wurde yn it papieren nûmer fan Ensafh publisearre. Hjoed is de lêste dei datst dyn bydrage ynstjoere kinst. Sjoch hjir foar alle ynformaasje.