Dichter fan Fryslân op ‘Poetry on Impact’

28 jannewaris 3 febrewaris 2021

Tidens de wike fan de poëzij bringt Poetry International alle dagen oanslutend op it nijs fan acht oere ‘Poetry on Impact’. In online flits poëzij oer saken dy’t der ek ta dogge. Mei dichters as @Dichter des Vaderlands, Tsead Bruinja, poëzijgeskinkskriuwers Rodaan al Galidi en Maud Vanhauwaert, plattelânsdichter Paul Demets, poëzij-gûrû Ellen Deckwitz, én Dichter fan Fryslân, Nyk de Vries. ‘Poetry on Impact’ begjint op Gedichtedei, tongersdei om 20:30 oere en presintearret alle dagen o/m woansdei 3 febrewaris in nije dichter. Nyk de Vries fersoarget as Dichter fan Fryslân op tiisdei 2 febrewaris in online optreden. Sjoch op poetry.nl foar ticktets en it lêste nijs.