Nyk de Vries. Foto: Jacob van Essen

Dichter Nyk de Vries op Transpoesie

14 oktober

Dichter fan Fryslân Nyk de Vries docht dit jier mei oan de tsiende – dit jier digitale – edysje fan it ynternasjonale poëzyfestival Transpoesie yn Brussel. Hjoed sil hy fia in live-stream fertelle oer syn wurk en sille der earder opnommen gedichten fan him toand wurde mei oersettings yn it Nederlânsk, Frânsk en Ingelsk. Yn de Hongaarske ambassade sitte in groep taharkers dy’t fragen stelle kinne oan ’e dichters. De oare dichters binne Cornelia Hülmbauer (Eastenryk), Marina Kazakova (België), Kamila Janiak (Poalen), Iona Lee (Skotlân) en Maxime Garcia Diaz (Nederlân) te hearren wêze. Petearlieder is Sofie Verraest, in Belgysk dichteresse. It is om 20:00 oere live te folgjen op de Facebook-side fan Transpoesie.