Feestlike ynstallaasje fan de nije Dichter fan Fryslân

21 novimber
| 15:30 - 17:00

Op tongersdei 21 novimber om 15:30 oere binne jo fan herte útnûge om oanwêzich te wêzen by de feestlike ynstallaasje fan de nije Dichter fan Fryslân. De offisjele beneaming troch deputearre Sietske Poepjes fynt plak yn de ‘Stadskas’ op it Aldehoustertsjerkhôf, tidens it Explore the North Festival yn Ljouwert.

Dizze feestlike middei wurdt mei mooglik makke troch Explore the North en Dichter bij Leeuwarden. De presintaasje is yn hannen fan Eva Meijering. Graach hearre wy fan jo oft jo by de beneaming oanwêzich wêze wolle. Opjefte fia ynfo@dichterfanfryslan.nl.