Feestlike ynstallaasje nije Berneboeke-ambassadeur

25 jannewaris

Hjoed wurdt op basisskoalle ‘t Holdersnêst op ‘e Harkema de nije Berneboeke-ambassadeur, Tialda Hoogeveen, yn har amt ynstallearre troch de berneboargemaster fan Achtkarspelen, Lisanne Hiemstra. Tagelyk is it ek it ôfskie fan Lida Dijkstra, de alderearste Berneboeke-ambassadeur fan Fryslân mei de presintaasje fan in prachtich nij berneboek fan har hân, ‘De Letterfretter’. De presintaasje fan de feestlike middei is yn hannen fan Michiel Veenstra, direkteur fan basisskoalle ‘t Holdersnêst. Sjoch ek www.berneboekeambassadeur.frl.