FeRstival finale

17 desimber

FeRstival is de grutste foardrachtswedstryd fan Fryslân foar learlingen út it fuortset ûnderwiis. Sûnt 1993 fersoarget it Sintrum Frysk & Meartaligens fan Cedin de organisaasje fan FeRstival. It jierlikse boekje Fersefariaasje, mei de gedichten om foar te dragen, wurdt gearstald mei fersen dy’t faak spesjaal skreaun binne foar dat doel. Sneon 17 desimber om 13.30 oere is it tiid foar de grutte finale yn stedsskouboarch De Harmonie yn Ljouwert. Wês wolkom!