Film ‘Vogels kun je niet melken’ oer Fryske boer Bote

29 febrewaris

Fan hjoed ôf is de film ‘Vogels kun je niet melken‘ te sjen yn de bioskoop en filmteäters. In film oer boer Bote de Boer út Tjerkwerd Súdwest-Fryslân. De film kombinearret prachtige Fryske natuerbylden mei in yntym famyljeportret, mei yn de haadrollen de skries en de Fryske boer Bote de Boer. De Boers griene hert en leafde foar de greidefûgels sil mooglik ta reade sifers liede foar syn boerebedriuw. Astrid, Bote’s frou, stipet har man en syn passy foar de skries, mar fûgels kinne je net melke… Hoe soarget Bote de Boer dat de nije generaasje ek genietsje kin fan it boerebestean?