Foto: Omrop Fryslân, Auke Zeldenrust (Lyts Frysk Diktee 2019)

Finale Lyts Frysk Diktee

14 april

Bern út groep 7 en 8 fan sa’n 15 skoallen yn Fryslân diene mei oan de foarronde fan it Lyts Frysk Diktee. De allerbêsten stride hjoed yn de Steateseal fan it Provinsjehûs yn Ljouwert om de heechste eare yn de finale. Skriuwster Martsje de Jong makket de dikteetekst foar dit jier. De organisaasje fan it Lyts Frysk Diktee is yn hannen fan Cedin, Afûk, Fryske Akademy en de provinsje Fryslân. Foar mear ynformaasje en it lêste nijs sjochst op www.fryskdiktee.nl.