Foto: Marc de fotograaf, literêre jûn 30 maart 2019

Literêre jûn mei Annejet van der Zijl

7 maart

Yn Fryslân traapje wy de Boekewike ôf mei in literêre jûn yn Ljouwert. Spesjale gast is Annejet van der Zijl, skriuwster fan it boekewikegeskink. Direkteur fan it HCL en literatuerleafhawwer Geart de Vries giet mei har en oersetster Baukje Zijlstra yn petear. Fierder mei muzikale yntermezzo’s en in optreden fan de band WIEBE. Om  21.00 oere, Danssportcentrum Saco Velt Ljouwert, yntree € 10.00 (ynkl. 3 drankjes) oan de seal of yn de foarferkeap by Boekhandel Van der Velde Ljouwert, de Afûkwinkel yn Ljouwert of fia de websjop. De hiele moanne maart binne der noch literêre aktiviteiten, organisearre troch Boeken fan Fryslân, yn de provinsje. Sjoch fierderop yn de aginda!