Fryske boekemerk yn Kafee De Gouden Leeuw | Tresoar

18 febrewaris

Hjoed fan 11.00 oant 15.00 oere by Tresoar (Boterhoek 1, Ljouwert): in boekemerk mei Fryske boeken yn Kafee De Gouden Leeuw. Mei Fryske romans, berneboeken, boeken oer wittenskip en skiednis: foar elkenien is der wol wat te finen! De prizen fan de boeken fariearje tusken de € 0,50 en € 1,00 per boek. Dus, bist op syk nei in moai Frysk boek foar in lyts priiske? Dan sjogge wy dy graach op de Fryske boekemerk yn Tresoar. Sjoch ek tresoar.nl.