Fryske Boekewike

3 novimber 12 novimber 2023

Fan sneon 4 novimber oant en mei snein 12 novimber is it wer Fryske Boekewike! De Fryske Boekewike wurdt op freed 3 novimber de jûns tradysjoneel ôftrape mei it Frysk Boekefeest en de presintaasje fan it Kadoboek dat dêrnei de hiele Fryske Boekewike fergees te krijen is by oankeap fan in Frysk boek. It Kadoboek fan 2023 wurdt útjûn yn gearwurking mei útjouwerij Afûk en wurdt dit jier skreaun troch Anita Terpstra. De Fryske Boekewike en it Kadoboek binne inisjativen van Boeken fan Fryslân.