Fryske SLAM! Dichter fan Fryslân

27 juny

Arjan Hut (Dichter fan Fryslân 2024 – 2025) organisearret op tongersdeitejûn 27 juny wer in Fryske SLAM! yn kafee ‘De Gouden Leeuw’ fan Tresoar (Ljouwert). Wa wurdt de bêste Fryske ‘slammer’ fan 2024 en giet nei hûs mei €500? Op dizze bysûndere jûn sille 10 talintearre dichters it tsjininoar opnimme yn in poëzywedstriid dêr’t de Fryske taal en kreativiteit sintraal steane. Elkenien is fan herte wolkom om de dichters oan te moedigjen en te stimmen op harren favorite foardracht. De Fryske Slam 2024 belooft in bysûndere en tinkweardige jûn te wurden. De entree is fergees. Oanfang: 19:30 oere (ynrin fan 19:00 oere ôf).