Foto: Omrop Fryslân

Grut Frysk Diktee 2023

23 maaie

Hjoed is it wer tiid foar it Grut Frysk Diktee yn de steateseal fan it Provinsjehûs. Njonken de tweintich kandidaten dy’t harren kwalifisearje, sille ek fiif teams de striid mei-inoar oangean. De teams fan dit jier binne Fryske artysten, sjoernalisten, dûmnys, pabûstudinten en in groep jongerein fan in keet. De winner fan it Frysk Diktee giet tradysjegetrou nei hûs mei it ‘gouden dakje’. Foar it winnende team is der in aparte priis. It Grut Frysk Diktee wurdt opnommen en op woansdei 24 maaie útstjoerd by Omrop Fryslân. Foar mear ynformaasje en it lêste nijs sjochst op www.fryskdiktee.nl.