Hear fan ‘e miggen: boekpresintaasje

29 oktober

William Golding debutearre yn 1954 mei it wrâldferneamde boek Lord of the Flies. Oft it boek no in realistysk young adult-boek is of net, it bliuwt hoe dan ek in spannend en nijsgjirrich ferhaal. It boek ferskynt no, oerset troch skriuwer, dichter en oersetter Geart Tigchelaar yn it Frysk ûnder de titel Hear fan ‘e miggen. De presintaasje is jûn om 19.3o oere by MeM yn Bûtenpost, m.m.f. literatuerwittenskipper Tryntsje van der Steege en teater- en muzykgroep Bern fan MeM mei om 21.30 oere in programma fan de Nacht fan de Nacht.