It Frysk is de taal fan de wike op @EuroDigitalLang

20 april 26 april 2022

Fan 20 oant en mei 26 april 2022 fersoarget Mirjam Vellinga fan de Afûk de berjochtjouwing fia it rûlearjende twitter-akkount @EuroDigitalLang. Dat platfoarm ûndersiket hoe’t technology brûkt en ynsetten wurde kin om Europeeske minderheids – en/of regionale talen nij of mear libben yn te blazen. Doel fan de Twitter-kampanje is it fergrutsjen fan de sichtberens fan de ferskate (lytse) talen en kultueren en nije generaasjes brûkers fan dy talen oan te sprekken. Sjoch ek www.globalvoices.org.