Janny van der Molen praat mei bern út Reduzum oer Reade Geartsje

10 oktober

Mei it ferskinen fan it twatalige It Deiboek fan skriuwster Janny van der Molen is Reduzumer Geertje Kleefstra wer ta libben kaam. Hjoed hearre by dbieb yn Ljouwert, de bern fan de groepen 7 en 8 fan de Trije Doarpen Skoalle fan Reduzum oer dizze fergetten doarpsgenoat dy’t har al jong ynsette foar in better libben foar arbeiders én foar froulju. Wat fine de bern dêrfan? Wêr gie dy striid doe eins oer? Wêr binne bern hjoed de dei ree foar om foar te fjochtsjen? En is Geertje no in heldin of net?