Lettertreffen fan City of Literature

18 april

Op tongersdei 18 april organisearret Ljouwert UNESCO City of Literature de twadde edysje fan Lettertreffen, in gearkomste foar de literêre sektor yn Fryslân. City of Literature praat dy middei útjouwers, biblioteken, boekhannels, literêre tydskriften, skriuwers en stypjende organisaasjes by oer harren plannen en litte sprekkers oan it wurd oer sichtberens en gearwurking. Nei in plenêr part kin der yn dielsesjes trochpraat wurde. Lokaasje: De Westertsjerke yn Ljouwert. Kosteleas oanmelde kin hjir.