Literêr Sirkwy yn Marktzicht Drachten

9 oktober

Frysk Dichterskollektyf RIXT bringt It Literêr Sirkwy werom mei in nije rige literêre jûnen yn 2021-2022. Poëzy en muzyk binne de fêste yngrediïnten, lykas in iepen poadium nei it skoft. Hjoed is de ôftraap mei it earste Literêr Sirkwy yn kafee Marktzicht yn Drachten (oanfang 20.00 oere, tagong fergees). De ferskate RIXT-dichters dy’t ein july meidien hawwe oan RIXT op ’e Arke sette de toan foar de earste jûn, Arke yn ’zicht. Mear ynformaasje fynst hjir.