Foto: Shody Careman

Literêre jûn mei Lize Spit

18 maart

Boeken fan Fryslân organisearret op sneon 18 maart 2023 in literêre jûn mei de skriuwer fan it nasjonale Boekenweekgeschenk 2023 Lize Spit yn dBieb yn Ljouwert. Yn opdracht fan Boeken fan Fryslân makke Elske Schotanus de Fryske oersetting fan it nasjonale Boekenweekgeschenk. Op dizze jûn wurde sawol skriuwer en haadgast, Lize Spit, as ek de oersetter, Elske Schotanus, ynterviewd troch Coen Peppelenbos. Nei ôfrin fan it programma is der romte foar sinjearjen en in drankje. Mear ynfo en tickets fia dbieb.nl.