©Foto: Hoge Noorden/Jaap Schaaf

Nije workshops Psychology fan dyn Taal rûnom yn Fryslân

12 febrewaris 23 maart 2024

Ek foar takom jier steane der wer nije workshops Psychology fan dyn Taal op it programma. Wês der gau by, want fol is fol!

Psychology fan dyn taal

Tinksto der wolris by nei hokker taal ast brûkst yn kontakt mei oaren? Thús, mei freonen, op it wurk, by de dokter of oan de kassa? Makkest it yn in byienkomst wol ris mei dat ien dy freget om Nederlânsk te praten? Wat dochst dan en hoe fielt dat? Fynst it nijsgjirrich om ris stil te stean by dizze en oare fragen oer dyn ‘taalgedrach en – gewoantes’? Dan is dizze fergees workshop krekt wat foar dy.

Data en plakken:
Ljouwert: moandei 12 febrewaris om 19.30 oere,
Bûtenpost: woansdei 28 febrewaris om 19.30 oere
Frjentsjer: sneon 2 maart om 9.30 oere
Snits: moandei 4 maart om 19.30 oere
Balk: woansdei 6 maart om 19.30 oere
It Hearrenfean: tongersdei 7 maart om 13.30 oere
Drachten: tongersdei 14 maart om 13.30 oere
Boalsert: sneon 23 maart om 9.30 oere

Opjaan foar ien fan de workshops kin fia: opjaan@afuk.frl. Graach dêrby datum en plak fan de workshop neame. Sjoch foar mear ynfo.