Online workshop ‘Psychology fan dyn taal’

8 febrewaris 25 jannewaris 2021

Fynsto it nijsgjirrich om mear te witten oer de psychology achter taal, oer dyn taalgedrach en dyn taalgewoantes? Dan is de workshop ‘Psychology fan dyn taal’ wat foar dy. Op 8, 16, 24 en 25 febrewaris  – alle kearen jûns – organisearje wy dizze workshop online en hielendal fergees. Mei de workshop ‘Psychology fan dyn taal’ krijst mear ynsjoch yn dyn eigen taalgedrach en -gewoantes en krijst hanfetten om dêrmei oan ‘e slach te gean. Dêrby is der romte foar dyn spesifike sitewaasje en dyn ferhaal. Foar mear ynformaasje en oanmelden sjochst op praatmarfrysk.nl.