Foto: Geart Tigchelaar

Optrede foar de frede

13 maart

Dichterskollektyf RIXT, kultureel opinyblêd De Moanne en Ljouwert City of Literature organisearje in kulturele manifestaasje foar de frede en litte in artistyk tsjinlûd hearre. Skriuwers, dichters en muzikanten komme fan 12.00-14.30 oere byinoar yn ytkafee De Basuin (Nieuwe Hollanderdijk 1, Ljouwert) en foarmje in line-up mei koarte optredens. Ferskate learlingen fan Kristlik Gymnasium Beyers Naudé dogge ek mei. De presintaasje fan de middei is yn hannen fan Amarins Geveke,  haadredakteur fan De Moanne. De tagong is fergees, mei in donaasje nei draachkrêft oan Giro555. Elkenien is tige wolkom!