Page Against the Machine yn de Prinsetún: telefoan út, boek oan!

27 maaie

Page Against the Machine is in ynternasjonaal barren dat lêzers fan alle leeftiden en eftergrûnen byinoar bringt, om mei-inoar te genietsjen fan it lêzen. Nim in boek, in kleedsje en wat te drinken mei en doch de telefoan út foar in wolfertsjinne ‘detox-read’ fan 13:00 oant 16:30 oere yn de prachtige Prinsetún yn Ljouwert UNESCO City of Literature. De Culturele Apotheek is der ek by foar boeken op resept! It boek dat sy dy foarskriuwe kinst fuort keapje by de boekwinkel van de Afûk, boekhannel Van der Velde, berneboekwinkel De Toverlantaarn of liene by Tresoar of dbieb.