Page Against the Machine yn de Prinsetún: telefoan út, boek oan!

25 maaie

Page Against the Machine is in ynternasjonaal barren dat lêzers fan alle leeftiden en eftergrûnen byinoar bringt, om mei-inoar te genietsjen fan boeken en lêzen. Nim in boek, in kleedsje en wat te drinken mei en doch de telefoan út foar in wolfertsjinne ‘detox-read’. Hjoed fan 13:00 oant 16:30 oere yn de prachtige Prinsetún yn Ljouwert UNESCO City of Literature. De Culturele Apotheek is der ek by foar boeken op resept! De tagong is fergees. Mear ynformaasje fynst hjir.