Poëzywike yn Nederlân en Flaanderen

26 jannewaris 1 febrewaris 2023

Fan 26 jannewaris oant en mei 1 febrewaris 2023 is it Poëzywike. Miriam Van hee en Hester Knibben binne tegearre it boechbyld fan Poëzywike 2023! Se koesterje in literêre freonskip oer de grinzen hinne en binne ek yn it deistich libben al desennialang ‘ besties ’. Sa passe se perfekt yn it tema fan de alfde Poëzijwike: freonskip! Foar alle ynformaasje en aktiviteiten troch it hiele lân  sjochst op www.poezieweek.com. De Afûk set fia har socials alle dagen in dichtbondel yn de skynwerpers en lit har folgers meigenietsje fan ‘ferrassingspoëzy’.