Foto: Omrop Fryslân

Praat mar Frysk taalpraatsje

1 desimber

Stim ôf op Omrop Fryslân Radio en harkje om 15.10 oere nei it Taalpraatsje fan Praat mar Frysk. Yn it programma ‘Goeiemiddei’ hearst dan de leukste nijtsjes en ynteressante tips oer it Frysk. Bygelyks oer de betsjutting of eftergrûn fan in bepaald wurd, oer nije apps, boeken, projekten en aktiviteiten, oer optredens fan bygelyks skriuwers of dichters, oer it brûken fan it Frysk troch bedriuwen en organisaasjes en noch in hiel soad oare ûnderwerpen. Harkje mar! Hjoed is Sito yn de útstjoering.