Presintaasje biografy Tony Feitsma

14 septimber

Tidens de konferinsje fan de Fryske Geasteswittenskippen mei it tapaslike tema ‘Fearkrêft’ wurdt hjoed de biografy fan Tony Feistma, skreaun troch dr. Liuwe H. Westra, presintearre: Pionier foar it Frysk. Libben en striid fan Tony Feitsma (1928-2009). It earste eksimplaar wurdt oanbean oan de KdK, drs. A.A.M. Brok. Yn de biografy beskriuwt Liuwe Westra it libben fan Feitsma en evaluearret har bydrage oan Fryske wittenskip en beweging. Hy jout ek antwurd op ’e fraach hoe’t Tony Feitsma sa Frysksinnich waard, en jout ynsjoch yn har bysûndere karakter.