Presintaasje ‘It leafst bin ik in fûgel’

2 novimber
| 16:30 - 18:00

It leafst bin ik in fûgel is in nije dichtbondel fan útjouwerij Afûk mei poëzy foar elkenien 9 – 99 jier. Mei gedichten fan: Meintsje Brouwer, Eppie Dam, Ytsje Hettinga, Arjen en Iwan Hut, Elske Kampen, Sigrid Kingma, Eline Kuiper, Remco Kuiper, Jurjen van der Meer, Marije Roorda, Sipke de Schiffart, Kate Schlingemann, Berber Spliethoff, Janneke Spoelstra en Syds Wiersma. De presintaasje fan dizze bysûnder bondel is hjoed fan 16.30-18.00 oere yn de Afûk Fryske boek- en kadowinkel yn Ljouwert. Elkenien is wolkom!