Presintaasje nije dichtbondel Arjan Hut

14 july

‘Ien tel de ierde stil’ is de nije dichtbondel fan Arjan Hut en wurdt hjoed om 15:00 oere presintearre by de Afûk. Elkenien is fan herte wolkom op freed 14 july fan 15.00 oant 17.00 oere yn de Afûk-winkel oan de Boterhoek 3 yn Ljouwert. Arjan Hut waard yn 2005 keazen ta earste offisjele stedsdichter fan Ljouwert, foar twa jier. Fan 2019-2023 wie Hut Wâlddichter fan de gemeente Achtkarspelen. Ien tel de ierde stil is fansels te keap yn ús websjop.