Simmermoarn mei Tomke yn ús winkel

14 juny

Op freedtemoarn 14 juny organisearje wy spesjaal foar pjutten in simmerske moarn yn de Afûk winkel yn Ljouwert. Wy fiere dat it (hast) simmer is en dat it nije Simmerboek útkommen is! Der wurdt foarlêzen út it boek, de bern kinne wat moais nifelje én Tomke is der ek by om mei op ‘e foto te gean! Miskien wolst noch wol wat foar heitedei nifelje? Of keapje jim yn ús winkel noch in leaf Frysk kadootsje foar heit?  Graach wol efkes oanmelde troch mailtsje te stjoeren nei ynfo@tomke.frl en dêryn de namme(n) en leeftiid fan dyn bern te fermelden. Oant dan!