Foto: www.sirkwy.frl

Skriuwer, ferteller en sjonger Bennie Huisman: Thús

8 maart 13 maart 2020

Alle foarstellings binne ANNULEARRE. Mooglike nije data folgje letter. De foarstelling ‘Thús’ giet oer Huismans lêste roman Sanfirdo. De roman spilet him ôf yn Fryslân en is in ferfolchferhaal op de novelle Sânfurd út 1999.  Yn de roman folget de skriuwer de personaazjes Liuwe en Elize oer in tiidrek fan 25 jier yn it belibjen fan leafdes, yn it sykjen nei in plak op de wrâld en yn it sykjen nei in “thús”. Oer dy tema’s, oer de roman sels, oer de fragen én de mooglike antwurden dêrop mar benammen it sykjen giet dizze foarstelling. Te sjen op snein 8 maart om 15.30 oere yn Podium Gorter Balk en freed 13 maart om 20.00 oere yn Muzykpleats Bûtenpost mei bierpriuwerij fan Tsjerkebier út Easterwierrum! Tagong fergees.