FerStival, foto: Piet Douma

Skriuwgroep FeRstival

4 maart

Wolst ek gedichten skriuwe foar FeRstival, de Fryske foardrachtwedstriid foar middelbere skoallen, mar soest ûnder it skriuwproses graach feedback krije fan oare dichters? Of fynst it gewoan moai om wat djipper yn de foardrachtkultuer te dûken? Slút dan oan by de Skriuwgroep Ferstival, in groep dichters dy’t ûnder lieding fan Dichter fan Fryslân Sigrid Kingma oan ‘e slach giet mei it skriuwen fan gedichten dy’t geskikt binne om foar te dragen. Oanmelde kin oant hjoed, 4 maart 2023. Foar mear ynformaasje sjochst op tresoar.nl.