Skuorre- en Tsjerketoer ZEA en Tsead Bruinja

25 maart 25 juny 2022

Muzikant Arnold de Boer – ZEA – en dichter Tsead Bruinja slaan de hannen ynien en meitsje dit foarjier tegearre in toer troch Fryslân en Amsterdam. Beide makkers presintearje nije ferskes en gedichten yn harren Skuorre- en Tsjerketoer.  ZEA spilet muzyk fan syn yn novimber útbrochte album Witst noch dat d’r neat wie en âld-Dichter des Vaderlands Tsead Bruinja bringt wurk út syn nije bondel Ynbêde/Ingebed. Neist ferskes en foardrachten spylje De Boer en Bruinja tidens de toer, by ferskate pittoreske tsjerkjes, poadia en in skuorre del, ek mei-inoar op poëzy en muzyk op it poadium. Toeroersjoch en tickets fia explore-the-north.nl.