Foto: Marleen Annema

Start Berneboeke-tour troch Dantumadiel en Noardeast-Fryslân

30 augustus

Fannemoarn om 9.00 oere sille wethâlders fan de gemeenten Dantumadiel en Noardeast-Fryslân tegearre mei Berneboeke-ambassadeur Lida Dykstra it startsein jaan foar de Berneboeke-tour lâns 47 basisskoallen yn Dantumadiel en Noardeast-Fryslân. Tidens dizze kick-off sil ek de spesjale lêskoffer foar it basisûnderwiis yn dy gemeenten presintearre wurde. De spesjale lêskoffer, dy’t troch sintrum foar edukaasje yn natoer en duorsumens De Klyster oan alle 47 basisskoallen oanbean wurdt, is gearstald troch de Berneboeke-ambassadeur yn gearwurking mei De Klyster en de Afûk.