Foto: iStock

Streektalekonferinsje

1 oktober

De streektalekonferinsje, hjoed yn Oldenzaal, stiet dit jier yn it teken fan ‘streektaal op de wurkflier’. Offurdigers út alle hoeken fan Nederlân binne te gast en ferskate sprekkers sille fanút ferskillende ynfalshoeken en ûnderfinings harren ljocht op it belang en de takomst fan it gebrûk fan streektalen op de wurkflier skine litte. Fan de Afûk sil Jan Douwes in presintaasje hâlde oer it Frysk yn de beropspraktyk fan MBU-studinten. Sjoch ek www.nederlandsedialecten.org.