Uit in Huis: de start fan it kulturele seizoen yn Ljouwert. Komst ek?

5 septimber

Mear as 27 musea, teaters, poadia, ateliers en oare kulturele ynstellings sette fannemiddei harren doarren wiid iepen foar de ôftraap fan it kultuerseizoen 2021. Genietsje fan 13.00-17.00 oere fan tentoanstellings, foarpriuwkes fan it teateroanbod, fergese workshops en folle mear. By de Afûk fertelle wy dy graach oer ús kursusoanbod en wat wy noch mear dogge, foar de bern is der in lytse ‘Wêr is Keimpe?’ speurtocht en fansels kinst even lekker sneupe yn ús winkel. En komsto mei in moaie tekening foar Tomke? Dan giesto miskien wol mei sa’n moai Tomke-feestkofferke nei hûs!