Us boekwinkel is wer iepen!

28 april

Fan hjoed ôf is ús boekwinkel wer ‘gewoan’ iepen! Om 9.30 oere dogge wy de doar los, winkelje op ôfspraak is net mear nedich, kinst lâns komme wannear’t dy dat it beste útkomt. Binne der trije klanten yn de winkel? Dan moatst miskien even bûten wachtsje mar it moaie waar komt der oan en wy hawwe in hearlik bankje foar de doar. Fansels bliuwe de basismaatregels foar wat koroana oangiet (mûlkapke, hannen desinfektearje en oardel meter ôfstân hâlde) wol fan tapassing. Sjoch hjir foar de aktuele iepeningstiden. Wolkom!