Utrikking D.A. Tammingapriis 2022

10 juny

Hjoed wurdt de D.A. Tamminga Priis útrikt oan Paul van Dijk. Hy kriget de priis foar syn debútbondel Famke fan snie. De D.A. Tamminga Priis is ornearre foar Fryske literêre debuten, om bar foar proaza en poëzij. De sjuery bestie fan’t jier út Teake Oppewal, Janneke Spoelstra en Geart Tigchelaar. By de útrikking oanwêzich wêze? Dan graach foar 8 juny oanmelde fia Lysbert.Bonnema@Tresoar.nl. Mear ynformaasje fynst op www.stiftingflmd.frl.