Utrikking dr. Obe Postmapriis 2020

19 novimber

Deputearre Sietske Poepjes  oerhandiget hjoed de priis – in bedrach fan 2000 euro en in oarkonde –  oan Jan Popkema foar syn Fryske oersetting fan ‘Das Parfum’. Omdat de earder plande útrikking op festival Explore the North net trochgean kin yfm de ferskerpe maatregels om it koaronafirus hinne, fynt de útrikking no yn ‘petit comité’ plak yn Popkemas wenplak Burgum. Mear ynformaasje oer de priis fynst hjir en foar mear ynformaasje oer eardere winners sjochst op www.sirkwy.frl.